Liesette Bruinsma pakt har fjirde medalje yn Rio

16 sep 2016 - 06:19
  • Swimster Liesette Bruinsma stiet it heechst yn de Fryske medaljespegel

Paralympysk swimster Liesette Bruinsma út Wommels hat har fjirde medalje fan de Spelen binnen. Tongersdeitenacht ferovere se op 'e nij brûns, op de 100 meter frije slach S11. Earder pakte Bruinsma ek al goud (400 meter frij), sulver (100 meter skoalslach) en brûns (50 meter frije slach).

It wie wer in suksesfolle nacht, want Nederlân helle tsien medaljes, wêrfan twa kear goud. Oranje stiet yn totaal op 47 medaljes, en dat binne der al acht mear as fjouwer jier lyn yn Londen.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)