Fryske skoalle wint orizjinaliteitspriis Pimp de Troanrede

15 sep 2016 - 22:49

De bern fan groep 7 en 8 fan de kristlike basisskoalle De Wel yn Broeksterwâld hawwe de orizjinaliteitspriis wûn yn de wedstriid Pimp de Troanrede. In pear wike lyn waard in oprop oan skoallen dien om in alternative troanrede yn te stjoeren. It wie eins net foar basisskoallen, mar De Wel die toch mei. Se namen in filmke op mei de bern op de Sinteklazetroan mei de Fryske flagge derachter. De priis betsjut dat se no moandei nei Den Haag meie foar de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)