"Ryk moat mear jild jaan foar duorsume sportferiening"

15 sep 2016 - 22:17

Der moat mear jild fan it ryk komme om sportferienings sa fier te krijen dat se harren gebouwen duorsumer meitsje. Dy oprop docht Lammert Bosma fan Sport Fryslân. Bosma reizget dizze dagen troch de provinsje om op gearkomsten fan sportferienings ynformaasje te jaan oer it besparjen fan enerzjy. Tongersdeitejûn wie er yn Jiskenhuzen by de sportferienings fan De Fryske Marren. Syn projekt hjit 'de enerzjybewuste sportferiening'.

In eardere proef yn Noardeast-Fryslân slagge goed. Nei Ljouwert en omkriten wurde no de klups yn gemeente De Fryske Marren holpen. It projekt set aanst ek noch útein yn Súdwest-Fryslân. Lanlik is der 6 miljoen euro fan it ryk yn it jier beskikber om klups te stypjen. No al is dúdlik dat der ferlet is fan folle mear jild. Ferienings kinne 30 prosint fan harren ynvestearrings weromkrije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)