Eilân De Burd by Grou wurdt geskikt makke foar greidefûgels

15 sep 2016 - 22:01
  • It nije farwetter tusken de Pikmar en de Wide Ie

Oannimmers binne op dit stuit dwaande mei de werynrjochting fan De Burd, it grutste lânynrjochtingsprojekt fan Fryslân. It eilân by Grou stie jierren ferlyn op de nominaasje om foar in grut part sompe te wurden. Dêr kamen protesten tsjin, en no kriget it eilân in nije ynrjochting dy't goed is foar greidefûgels. De lêste jierren briede der hast gjin greidefûgels mear op De Burd. In nije ynrjochting fan de wetterhúshâlding, keppele oan in goed behear troch It Fryske Gea moat de fûgels werombringe.

Miskien wol de grutste put is it meitsjen fan in nije brede trochfeart fan de Pikmar nei de Wide Ie. De smelle farwei troch de Tynje is dan net mear nedich. It eilân De Burd kriget ek nije diken. Yn 2012 drige der noch in dyktrochbraak. Al mei al wurdt der 7 miljoen euro yn De Burd stutsen. It wurk moat ein takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)