Red de Sionsberg: "Sis kontrakt mei De Friesland op"

15 sep 2016 - 21:45

Stichting Red de Sionsberg ropt gemeenten yn it fersoargingsgebiet fan sikehûs Sionsberg op om de kontrakten foar it minimabelied by soarchfersekerder De Friesland iensidich op te sizzen. It soe better wêze dy soarch by in oare fersekerder yn te keapjen.

De Friesland makket de soarch yn de Sionsberg ûnberikber, omdat se ek 'minder kompleksere' soarch bygelyks yn it MCL yn Ljouwert konsintrearje wol. In soad minima hawwe gjin auto. Foar minsken mei in minimumynkommen is it in minne saak as se net mear yn sikehûs Sionsberg terjochte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)