Wolstânsarsjitekt Brill wint Hûs en Hiem-priis 2016

© Webside Hûs en Hiem
Tim Brill hat de Hûs en Hiem-priis 2016 wûn. Hy kriget de priis foar syn 24 jier lange ynset foar Hûs en Hiem as wolstânsarsjitekt.
De priis is ferline jier ynsteld, doe't de advysorganisaasje 90 jier bestie. De Hûs en Hiem-priis is bedoeld foar ien dy't him of har op bysûndere wize ynset hat op it wurkterrein fan Hûs en Hiem. Hûs en Hiem jout Fryske gemeenten advys oer bouwurken en romtlike kwaliteit.