Sylster Sandra Nap stiet noch altyd op plak 7 yn klassemint

15 sep 2016 - 21:12

Paralympysk sylster Sandra Nap út Ljouwert is tongersdei yn Rio de Janeiro by de races nûmer 7 en 8 yn beide gefallen as sânde einige. Liesl Tesch út Australíë wûn beide wedstriden. Sandra stiet mei har partner Rolf Schrama nei acht races noch altyd op it sânde plak yn it klassemint. Liesl Tesch stiet boppe-oan. Der moatte noch fjouwer races syld wurde. Dat bart op freed en sneon. Nap komt út in de klasse Skud18, in sylboat foar twa persoanen.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)