Welcome to the Village docht mei foar fernijingspriis

15 sep 2016 - 20:32

It muzykfestival Welcome to the Village (WttV) is nominearre foar in evenemintepriis yn de kategory 'Evenementen Innovatieprijs'. Se nimme it yn dy kategory op tsjin it sportfilmfestival Rotterdam en in grut dûnsevenemint yn Amsterdam. De prizen wurde útrikt op it Nationaal Congres Evenementen dat op 10 oktober hâlden wurdt yn Utrecht.

Welcome to the Village wurdt alle jierren hâlden yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)