Olivier van de Voort útskeakele op 400 m frije slach yn Rio

15 sep 2016 - 19:29

Olivier van de Voort út Elslo is der freed op de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro net yn slagge de finale fan de 400 meter frije slach te berikken. Hy waard yn in tiid fan 4.17,22 njoggende. Dat wie krekt te min foar in plak yn de finale. De Nederlanner Bas Takken (4.08,60) giet wol troch nei de finale.

Van de Voort komt sneon wol wer yn aksje op de kwalifikaasjewedstriid foar de 4x100 meter wikselslach.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)