Fakminsken socht yn technyk, bou, soarch, ûnderwiis en ICT

15 sep 2016 - 18:21
  • Gerrit van der Leeuw fan laskbedriuw Lasmotec

Yn ferskate sektoaren op de arbeidsmerk kinne wurkjouwers min oan goede minsken komme. It giet bygelyks om de ICT, de technyk, de bou, de soarch en it ûnderwiis. Dat seit it UWV by de publikaasje fan de nijste sifers oer de wurkleazens.

Foaral oan fakminsken, leafst mei in soad ûnderfining, is krapte. De hoareka kin yn it heechseizoen mar dreech personiel fine. Bedriuwen en ynstellings dogge in soad om de fakatueres yn te foljen, mei ûnderwiis en oplieding op de wurkflier, in oantreklik wurkklimaat en goede wurkbetingsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)