N'Toko en Steenvoorden dogge mooglik net mei tsjin Fortuna

15 sep 2016 - 18:00

It is noch ûnwis hoe't de ferdigening fan SC Cambuur der freed útsjen sil yn de wedstriid tsjin Fortuna Sittard. Matthew Steenvoorden en Chiró N'Toko, dy't gewoanwei it sintrale duo foarmje efteryn, binne beide twifelgefallen. Steenvoorden hat lêst fan it bil en N'Toko hat hamstringklachten. Trainer Rob Maas nimt freed in beslút oer harren ynset. Mooglik wurdt it duo ferfongen troch Gino Bosz en Marvin Peersman.

Yn de oanfal kiest Maas nei alle gedachten foar deselde spilers as ferline wike tsjin Almere City.

Ricardo Kip, Jergé Hoefdraad en Raymond Gyasi stiene ferline wike tsjin Almere City yn 'e oanfal. "De kans is aanwezig dat we dat gaan voortzetten", sei Maas tongersdei.

Michiel Hemmen en Robbert Schilder sille tsjin Fortuna wis net yn aksje komme. Schilder is net wedstriidfit en Hemmen hat in knibbelblessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)