FIDEO: Fleantúchbommen Iselmar ta ûntploffing brocht

15 sep 2016 - 17:28

Definsje hat tongersdeitemiddei op in militêr oefenterrein yn Drinte de fleantúchbommen ta ûntploffing brocht dy't ferline wike fûn binne by it fleantúchwrak yn de Iselmar.

It fleantúch is fan Poalske komôf. It waard mei in folslein Poalske bemanning yn de nacht fan 8 op 9 maaie 1941 delsketten boppe de Iselmar. As earbetoan oan de Poalske bemanning fljocht moandei in histoaryske Lancaster-bommewerper oer it fynplak fan it fleantúch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)