Liesette Bruinsma nei finale 100 m frije slach yn Rio

15 sep 2016 - 16:42

Liesette Bruinsma fan Wommels hat har freed as earste pleatst foar de finale fan de 100 meter frije slach by de Paralympyske Spelen yn Rio. Se swom in tiid fan 1.08.97. Dêrmei wie se 13-hûnderste flugger as de nûmer twa, de Italiaanske Cecilia Camellini. As tredde pleatste har de Sinese Guizhi Li. De finales wurde fannacht swommen.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)