Streppel: dielname St. Juste en Van Aken ûnwis

Trainer Jurgen Streppel moat yn de útwedstriid tsjin Roda JC mooglik syn sintrale ferdigeningsduo misse. Jerry St. Juste en Joost van Aken hawwe fan 'e wike apart traind. St. Juste foel yn de lêste thúswedstriid tsjin FC Twente út mei in blessuere oan 'e boppeskonk en Van Aken krige yn dy wedstriid in skop op syn linker ankel.
Freedtemoarn wurdt besletten oft St. Juste en Van Aken mei de groep meitraine kinne. As se net beskikber binne, hat Streppel Lucas Bijker en Shay Facey as alternatyf sintraal duo op it each.
Caner Cavlan spilet dan links oan de sydkant. Roda JC wachtet dizze kompetysje noch altiten op de earste oerwinning.