Presintaasje Nije Ensyklopedy fan Fryslân: al tûzen ferkocht

15 sep 2016 - 15:31
  • De Fryske Ensyklopedy

Der binne al tûzen eksimplaren fan de Nije Ensyklopedy fan Fryslân ferkocht. Tongersdei waard yn De Harmonie yn Ljouwert de ensyklopedy presintearre. Foarearst binne der foar de earste druk 3.500 stiks printe. It is in fjouwerdielich boekwurk wurden fan mar leafst trijetûzen siden, besteand út alvetûzen trefwurden en skreaun troch in team fan twahûndert redakteuren. Yn de Nije Ensyklopedy fan Fryslân kinne jo ynformaasje fine oer bygelyks Doutzen Kroes en Piter Jelles Troelstra, mar ek oer blommesoarten en archeologyske opgravingen. 

Ynhâld

In grut part fan de ûnderwerpen komt út de ensyklopedy fan Brouwer út 1958 dy't by de tiid brocht binne, mar haadredakteur Meindert Schroor hat ek tal fan oare boarnen rieplachte en Wikipedia neisocht foar oanfollingen. De ensyklopedy jout de aktuele stân op mêden lykas polityk en maatskippij, keunst en kultuer en skiednis en natuerwittenskippen.

Ferkeap

Oant 1 novimber kin de Nije Ensyklopedy fan Fryslân kocht wurde foar 99,50 euro, dêrnei betellest 125 euro foar it fjouwerdielich neislachwurk. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)