Studinten Friesland College krije les yn fleantúchkabine

Studinten fan twa loftfeartopliedings oan it Friesland College kinne tenei ûnderfining opdwaan yn in echte fleantúchsetting. Yn ien fan de lokalen fan de skoalle yn Ljouwert is in spesjale 'aircraft cabin' neimakke, dat is it part fan it fleantúch dêr't de passazjiers yn reizgje. Op dizze wize kinne studinten ûnderfining opdwaan yn in situaasje dy't tichteby de werklikheid leit.
De studinten krije praktyklessen yn de kabine en moatte hjir tenei ek eksamens ôflizze. Neffens it Friesland College is de nije fleantúchkabine foar de learlingen in wichtige oanfolling op harren oplieding.