Ron van der Helm wurdt ynterim-direkteur FUMO

© Sanne Ligthart
De FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing, hat Ron van der Helm beneamd ta nije ynterim-direkteur. Dat hat de organisaasje tongersdei bekend makke. De trochûntwikkeling en de oanpassingen oan de FUMO sille ûnder syn lieding foarm krije. Van der Helm wurdt yn oktober, by de gearkomste fan it algemien bestjoer, oan alle partijen foarsteld.
Unrêst
Twa moanne lyn waard nei in evaluaasje bekend dat der in soad ûnrêst wie by de FUMO. De organisaasje waard oprjochte yn opdracht fan de Fryske gemeenten, de provinsje en it Wetterskip en sjocht der op ta oft bygelyks bedriuwen har wol oan miljeuregels hâlde. Dat rûn net allegear goed.
Opfolging
De nije ynterim-direkteur folget âld-direkteur Van der Wal op, dy't al earder fuortgie by de FUMO. Van der Helm begjint takom wike oan syn wurksumheden.