Berging Poalsk oarlochsfleantúch is klear

15 sep 2016 - 11:27

De berging fan it oarlochsfleantúch yn de Iselmar is klear. De lêste wiken binne hûnderten brokstikken fan de boaiem helle. Der waarden boppedat stoflike resten fan de bemanning fûn, mar dêr wurde noch gjin útspraken oer dien. De stoflike resten binne oerbrocht nei Soesterberg, dêr't se ûndersocht wurde troch de bergings- en identifikaasjetsjinst fan de loftmacht. Der wie spesjaal in stik Iselmar drûchlein om it fleantúch te bergjen. 

Poalen

It fleantúch, de R1322 Vickers Wellington, is fan Poalske komôf. It fleantúch mei in folslein Poalske bemanning waard yn de nacht fan 8 op 9 maaie 1941 delsketten boppe de Iselmar. De Vickers Wellington wie ûnderweis fan Ingelân nei Bremen. Hy waard op de hinnereis delsketten troch in Dútske nachtjager.

Fjouwer bommen

It fleantúch hie ek fjouwer bommen oan board. Eksperts fan de eksplosivetsjinst hawwe de ûntstekkers ferline wike ferwidere. Tongersdeitemiddei wurde de bommen ta ûntploffing brocht.

As earbetoan oan de Poalske bemanning fljocht moandei in oare histoaryske bommewerper, in Lancaster, oer it fynplak boppe de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)