Waarme waar soarget foar mear meldings fan blau-alch

It waarme waar soarget op hieltyd mear plakken foar blau-alch yn it wetter. De provinsje warskôget dêr dan ek foar. Op in spesjale webside is te sjen hokker swimplakken wol en net feilich binne.
Blau-alch groeit benammen goed yn de simmermoannen, want dan sit der in soad fosfaat en stikstof yn it wetter. Dat is in goede fiedingsboaiem foar de algen. It is net altiten te sjen oft der blau-alch yn it wetter sit. It is pas te herkennen as de algen yn koloanjes op it wetter driuwe. It wetter krijt dan in griene, readbrune of brúngriene kleur.
Wêr kinne je wol en net swimme?
Op de folgjende swimplakken jildt in warskôging yn ferbân mei blau-alch:
Fierder binne der nog fjouwer plakken dêr't echt in negatyf swimadvys jildt:
Klachten troch blau-alch
As je swimme yn wetter mei blau-alch kinne je siik wurde. De meast foarkommende symptoamen binne pineholle, mislikheid en koarts. Blau-alch kin dêrneist hûdirritaasje feroarsaakje en soargje foar mage- en termklachten.