Man brekt yn en bedriget frou yn Stiens

15 sep 2016 - 11:00

In 39-jierrige Ljouwerter is woansdeitenacht oanholden foar wenningynbraak, húsfredebrek en stellerij. De man hie by de wenning fan in frou oan de Ophirstrjitte yn Stiens it rút fan de foardoar fernield. De twa binne kunden fan mekoar, mar de frou woe de man der net ynlitte.

De fertochte soe dêrnei ûnder oare sieraden út de wenning stellen ha. Ek hat er de frou bedrige. De man naaide út op 'e fyts. De plysje hat nei him socht, mar koe him net fine. Letter dy nacht wie de man opnij de wenning fan de frou yngien. Doe is er oppakt.

It die bliken dat er dit kear yn in stellen frachtwein nei de wenning kaam wie. Dêryn lei it guod dat er út it hûs fan de frou stellen hie. Ek fûn de plysje in neppistoal. De frachtwein, it guod en it pistoal binne yn beslach naam. De fertochte sit fêst foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)