Tûzenen figuranten socht foar film oer kening Redbad

15 sep 2016 - 10:49
  • Redbad op de filmposter

Foar de film Redbad 754 A.D. oer de Fryske kening Redbad, wurde tûzenen figuranten socht. Der binne sa'n fiiftûzen minsken nedich foar twa grutte fjochterijen. Fierders moatte der twahûndert fjochterijfiguranten komme dy't in gruttere rol krije. Sy dogge mei oan alle slachfjildsênes.

Training

De figuranten krije in jier lang training fan in team fan koreografen en stuntminsken. Boppedat wurde tweintich jonge froulju traind as bôgesjitters en ienselde tal ruters mei eigen hynders foar ferskate fjochterijsênes.

Opnames

De opnames foar de film Redbad 754 A.D. begjinne takom jier septimber. It is in produksje fan Klaas de Jong, dy't earder al tekene foar de film Michiel de Ruyter. 754 ferwiist nei it jier wêryn't Bonifatius by Dokkum fermoarde waard. 

Opjaan

Minsken kinne harren opjaan fia in formulier op de offisjele webside oer de film.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)