Op fakânsje yn eigen provinsje? Dan it leafst mei de boat

15 sep 2016 - 10:32

De boat is tige populêr as akkommodaasje foar in fakânsje yn Frysân. Dat docht bliken út in enkête ûnder it Frysk Boargerpanel. Ien op de fiif leden fan it panel giet op wettersportfakânsje yn eigen provinsje.

Goed 1400 leden fan it boargerpanel wurken mei oan it ûndersyk oer rekreaasje en toerisme yn Fryslân.

Waadeilannen it populêrst

Mear as de helte fan de respondinten (55%) hat it ôfrûne jier nei ien fan de Waadeilannen west. Súdwest-Fryslân stiet op it twadde plak. Opfallend dêroan is wol wer dat mear as de helte fan de minsken út de eigen regio kaam.

It minst populêr binne Noardeast- en Noardwest-Fryslân.

Wol of net op fakânsje yn eigen provinsje?

It Frysk Boargerpanel frege minsken fierder nei harren redenen om wol of net yn eigen provinsje op fakânsje te gean. In pear reaksjes:

  • “De rêst en pracht fan de Fryske Wadden.”
  • “Dichtbij met het gevoel van ver weg!”
  • “Er is dicht bij huis nog veel te ontdekken.” 
  • “Friesland is thuis, vakantie is elders.” 
  • “Ik doe meestal dagjes in Friesland, voor vakantie ga ik elders kijken.”
  • “Omdat we nu nog jong en fit genoeg zijn om de rest van de wereld te zien.”

Eveneminten yn it westen, kultuer yn de stêd

As de dielnimmers oan de enkête frege wurdt nei hokker eveneminten se dit jier besocht hawwe, docht bliken dat benammen it westen fan de provinsje it goed dien hat. Op nûmer ien stiet nammentlik de Slachtemaraton, folge troch it skûtsjesilen en de Snitswike. In soad fan de besikers kamen dêrby ek út de regio sels.

By de kulturele ynstellings yn ús provinsje stiet it Fries Museum op nûmer ien. De Lawei yn Drachten is twadde, en de Harmonie yn Ljouwert is tredde. By de natuergebieten stiet it Waad op it earste plak. Fierder besocht ien op de fjouwer respondinten it Drents-Friese Wold. Ien op de sân gong ek wolris nei de natuer yn Gaasterlân.

Minwaarfoarsjennings

Wol ûntbrekke der minwaarfoarsjennings yn Fryslân neffens de panelleden. Ek soenen guon graach in moai plak ha foar konserten - "bygelyks Thialf of it Abe Lenstrastadion" - en in grut winkelsintrum. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)