Efterfolging troch Ljouwert, 23-jierrige man oanhâlden

Plysjeauto © ANP
De plysje hat woansdeitemiddei in man fan 23 jier út Ljouwert oppakt. Yn de Coopmansstrjitte yn de stêd negearre er in stopteken fan de plysje. Dy gie efter de man oan. De efterfolging einige yn de dearinnende Noordvlietstrjitte. De autobestjoerder naaide rinnend út.
De plysje krige him efkes letter yn de Sontdwersstrjitte te pakken. It die bliken dat it rydbewiis fan de Ljouwerter ynfoardere wie. Hy hat proses-ferbaal krigen.