Man oppakt nei mishanneling treinsteward

15 sep 2016 - 10:04

In 21-jierrige ynwenner fan de gemeente Smellingerlân is woansdeitejûn oanhâlden op it stasjon fan Ljouwert, omdat er in steward mishannele hie. Dat barde yn de trein fan Grins nei Ljouwert. De steward kontrolearre de ferfierbewizen. Omdat in oantal reizgers gjin kaartsje hie, begûn er in boete út te skriuwen. De 21-jierrige fertochte gie folslein troch it lint tsjin in kollega fan de steward.

Hy wegere mei te wurkjen. Ynienen pakte er de steward by de kiel. Dy wist himsels te befrijen en warskôge de plysje. De man is op it stasjon fan Ljouwert oppakt. De steward, in 54-jierrige ynwenner fan de gemeente Smellingerlân, hat oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)