Fryslân telt opnij minder wurkleazen

15 sep 2016 - 08:43
  • UWV

De wurkleazens yn Fryslân is yn augustus fierder nei ûnderen gien. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Foar wurkjouwers wurdt it yntusken lestiger om fakatueres ynfolle te krijen. Hast 18.000 Friezen sitte no sûnder wurk. Dat is 5,4 persint fan de beropsbefolking.

De wurkleazens is no in healjier op rige ôfnaam. Yn fergelyk mei in jier lyn leit it tal wurkleazen noch wol heger. Der binne no mear fakatueres en benammen wurkjouwers yn de technyk, soarch en ict kinne dreech nije minsken fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)