Kollum: "Vlogger"
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Neffens de pontskipper fan de Snoekbears kin ús libben nei de oerset fan ôfrûne snein wolris twa jier langer duorje. Hoe wit sa’n man dat, tinke jim. No, de Snoekbears is in pontsje dat de minsken fan Sytebuorren oan de ein fan de Hege Warren oerset nei de Burd, middenyn it Fryske wetterlân. Je kinne mei in oantal pontsjes oer, in stik as acht binne der leau ik en sa in moai rûntsje fytse.
Doe’t wy snein de iepening fan de monuminterûte fan de gemeente Smellingerlân bywenne hienen op it terras fan It Polderhûs op De Feanhoop, binne wy rjochting Grou fytst. De pontskipper fan de Snoekbears hie syn boatsje moai fol, want it wie drok mei it sinnige waar. Mar yn stee fan streekrjocht nei de oare kant fan de Grêft te farren, it wetter dat De Burd fan De Hege Warren skiedt, fear er samar in eintsje de Sitebuorster Ie op. Dêr sette er de motor út en sei: ‘Harkje even. Hjir is it stil.’ En sa wie it ek. Deastil. De minsken op de pont fernamen it moaie fan it momint en wienen as mûskes. ‘Sa,’ se de skipper nei in pear minuten. ‘Dit smyt jim twa jier ekstra op oan de ein fan de rit, let mar op.’
No koe de man dat fansels maklik sizze, miskien binne wy al lang mei dy lêste twa jier dwaande, mar it gie om it idee. Foar ien euro de man/frou oersetten wurde en dan even in hiel lyts útstapke nei de stilte meitsje. It soe moai wêze as de skipperman gelyk hat. Want der is al sa’n soad dat je libben bekoartet. It waarberjocht bygelyks. Of jonkjes dy’t yn in Zaanstadse frijsteat lykje te libjen dêr’t Geke Faber de baas wêze moatte soe. Of dat Gerard Joling wer ris earne de krêft foar hat. Of dat hiel Hollân no bakt.
No, dat dienen wy al hiel lang. Aanst komt de Boer siket frou terreur ek wer op de TV. No, dêr ha ik de krêft echt net mear foar. Je reitsje sêd fan in protte dingen. It toanen fan massaslachtingen troch IS bygelyks. Dizze wike ferskynde wer in fideo dêr’t se in rige jonge mannen de kiel troch fiken en se dêrnei ophongen as wie it in abattoir fan Brada. IS hat grif net troch dat op in gegeven momint de freeslike bylden net mear wurkje. Hoe slim ek, je zappe der foarby en as je der al nei sjogge tinke je nei oer de fraach of dy manlju earst ek ferdôve binne, want se sjogge net iens benaud as harren de hals trochsnien wurdt.
It feit dat je oer datsoarte saken neitinken gean by it sjen nei de barbaarske metoaden fan dy terreurgroep, seit genôch. It geweld wurket net mear ôfskrikwerkend. Je wurde der earder lilk fan en hoopje dat de Russen, Amerikanen en oare lannen der gau mei ôfweve sille. Sa as boargemaster Geke Faber mei fikse maatregels hiel rap dy jonkjes sjen litte moat dat harren gedrach net past yn dit lân.
Safolle saken dy’t it libben minder moai meitsje. Wat is it dan weardefol dat der minsken binne dy’t each foar lytse dingen ha en oaren genietsje litte fan hast neat. Allinnich mar fan stilte. Dy stilte kin hiel hurd oankomme. Ik woe wol dat Geke Faber dy mislike vlogger ris in reiske mei de skipper fan de Snoekbears op de Sitebuorste Ie meitsje liet. Ik wik jim dat it mantsje sa út syn Randstad Comfort Zone wêze soe dat er net iens wist wat er filmje moast. Miskien wie er dan sels wol even stil."