UPDATE: Strjitte yn Eastermar ôfset fanwege 'puffende' pin

De plysje hat tongersdeitemoarn in part fan de Elte Martens Beimastrjitte yn Eastermar ôfsetten. Der wie wat oan de hân mei de pinautomaat fan de Rabobank dy't dêr sit. Dy makke "in frjemd 'puffend' lûd", melde korrespondint Sicco Riedstra. De brânwacht kaam ek te plak, lykas in ekspert om de pinautomaat te ûndersykjen.
De plysje giet no út fan in technyske steuring oan de automaat. Dêrby is wat gas frijkaam. De plysje hat de strjitte om acht oere hinne wer frijjûn.
De Rabobank sels hat ek ûndersyk dien. "Er waren geen sporen van braak, dus het was inderdaad een technische storing in de apparatuur. Daardoor is het alarm afgegaan en is de politie gewaarschuwd. Over de oorzaak van de storing is nog niets te zeggen", seit Grecor de Vries, ien fan de direkteuren fan Rabobank Drachten-Friesland Oost.