Ofslútdyk rjochting Fryslân skoft ticht troch hout op de dyk

15 sep 2016 - 06:10

De A7 oer de Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân hat tongersdeitemoarn in skoft ticht west. Tusken Den Oever en Breesândyk lei in soad hout op de dyk. Nei goed in healoere hie Rykswettersteat ien rydstrook frijmakke, sadat it ferkear dêr delkoe.

Neffens de ANWB stiet der noch gjin file troch de ôfsluting.

Trefwurden: 
Ofslútdyk A7 ôfsluting hout
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)