Sandra Nap en Rolf Schrama no sânde nei seis races

14 sep 2016 - 22:02

Paralympyske silers Sandra Nap fan Ljouwert en har partner Rolf Schrama út West Graftdijk binne nei de tredde syldei op it sânde plak yn it klassemint bedarre. Tiisdei moast de silerij foar in part noch útsteld wurde omdat der te min wyn wie.

Woansdei koene de races wol trochgean. Mei in wynkrêft 4 oant 5 wiene de omstannichheden eins perfekt foar it Nederlânske duo. Yn de earste race fan de dei hellen se in achtste plak, yn de twadde race plak fiif en yn de lêste race waard it duo sechsde. Yn totaal binne der no seis races syld.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)