Joan Leemhuis-Stout praat Frysk yn de Steaten

Joan Leemhuis-Stout © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Waarnimmmend kommissaris fan de Kening, Joan Leemhuis-Stout, is woansdei yn de kunde kommen mei Provinsjale Steaten. Se fynt it in kadootsje dat se op har leeftiid fan 70 jier noch sa'n amt dwaan mei. Se folget tydlik John Jorritsma op, dy't boargemaster fan Eindhoven wurden is.
Frou Leemhuis kin it Frysk ferstean en it in bytsje prate. As bern hat se yn Snits wenne en al jierren hat se in fakânsjewenning yn Heech dêr't se as waarnimmer wenje sil.
Yn har earste speech yn Provinsjale Steaten fan woansdeitemiddei brûkte se it Frysk.
De tekst fan Joan Leemhuis-Stout
Leden fan Provinsjale Steaten fan Fryslân,
Yn dit fermidden en yn dizze seal moat ik tinke oan in Fryske siswize: ‘It is mei sizzen net te dwaan’. Mar jo witte – like goed as ik dat doch, dat as jo hjir yn de gearkomsteseal neat sizze, dat der fan ‘it dwaan’ ek neat telâne komt. En om dat ´dwaan´ giet it krekt.
Boargers, ynstellings en bedriuwen meie der op rekkenje dat it Algemien Bestjoer fan de provinsje besluten nimt dy’t de mienskip op konkrete wize fertuten docht. Dy besluten krije noch mear wearde as jo dêrby jo rol as folksfertsjinwurdiger maksimaal benutte en ynhâld jouwe. Mei it akseptearjen fan it lidmaatskip fan Provinsjale Steaten ha jo dermei in grutte ferantwurdlikens op jo nommen.
Fansels ferfolje jo dy taak yn in goeie wikselwurking mei it Kolleezje fan Deputearre Steaten. It kolleezje as deistich bestjoer fan de provinsje. Ja, yndied, yn dy folchoarder: algemien en deistich bestjoer.
Dêrnjonken is der foar jo wichtige wurk in soad saakkundigens beskikber. It amtlik apparaat is der ek foar jo. Faaks net altiten streekrjocht, mar dan yn elts gefal yndirekt.
Ik fyn it in ear de kommende moannen jo foarsitter te wêzen. En ik sjoch der nei út om jo, wêr nedich, te fasilitearjen en sa by te dragen oan jo ferantwurdlikens.
Staat u mij toe te vervolgen in het Nederlands.