De Friesland fernuvere oer iepen brief gemeenten

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Friesland soarchfersekerder is fernuvere oer de iepen brief dy't de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân woansdei publisearre hawwe. Neffens de soarchfersekerder hat der konstant kontakt west tusken de partijen en stiet der sels in petear pland foar takom wike moandei.
De oerlizzen oer hoe't it fierder moat mei Sionsberg binne op dit stuit geande en de soarchfersekerder wol yn de tiid dat der praat wurdt neat nei bûten bringe.
Wurdfierder Gerrie Riemsersma fan De Friesland
"In briedende hin moatte jo net steure," sa seit wurdfierder Gerrie Riemersma fan De Friesland. "Wy wolle wol antwurden jaan op de fragen dy't yn de brief fan de gemeenten steld wurde, mar net foardat de petearen klear binne." Neffens De Friesland bliuwe de opseine kontrakten lykwols opsein. De gemeenten trune derop oan dat de kontrakten wer hersteld wurde, of dat de opsizzing útsteld wurdt. Mar dat wol De Friesland net.