Klups sizze betrouwen yn ried fan kommissarissen KNVB op

14 sep 2016 - 19:26

In romme mearderheid fan de earedifyzjeklups hat gjin betrouwen mear yn in fierdere gearwurking mei de ried fan kommissarissen fan de KNVB. Dat is woansdei dúdlik wurden nei in petear tusken de klups en de rfk. Hjirby gie it ûnder oare oer de gong fan saken de lêste tiid, lykas de prosedueres dy't folge binne by it fuortgean fan bestjoerders en it beneamen fan nije bestjoerders binnen it bestjoer fan it betelle fuotbal.

De útkomst fan it petear levere foar de measte earedifyzjeklups net it resultaat op dêr't se op hope hiene. Dêrom is der gjin betrouwen mear yn de gearwurking. De klups hawwe ek frege om de beneaming fan Gijs de Jong as direkteur fan it betelle fuotbal foarearst net trochgean te litten. It fuotbalbûn hat dit foarstel oernommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)