Centrum Seksueel Geweld kin folle mear biede

14 sep 2016 - 18:45
  • Poster fan it Centrum Seksueel Geweld yn it MCL

In jier lyn starte it sintrum foar slachtoffers fan seksueel geweld. Undertusken melden 23 famkes har foar help, krekt nei't se wat oerkaam wie. Mar dat is noch lang net genôch neffens projektlieder Gerda de Groot. "Ik ben niet tevreden over het aantal mensen dat we hebben. Omdat er nog veel meer zijn die niet durven." Der sit troch it jier hinne wol groei yn it tal meldingen.

Projektlieder Gerda de Groot

Dochs is it sintrum in grutte oanwinst tinkt projektlieder Gerda de Groot. Want slachtoffers witte faak net wêr't se hinne kinne nei in ferkrêfting. "Ze willen niet naar de politie omdat de dader vaak een bekende is en ze gaan niet naar de huisarts uit angst voor een medisch onderzoek", fertelt De Groot. Mar dat lost de problemen net op; "Ze stappen onder de douche en proberen hun leven op te pakken in de hoop dat het overgaat. Met alle gevolgen van dien." It Centrum Seksueel Geweld Fryslân is altyd telefoanysk berikber en der sitte profesjonels dy't slachtoffers begeliede yn harren folgjende stappen.

Gearwurking

Doel fan it Centrum Seksueel Geweld is de drompel omleech te heljen om help te sykjen nei in ferkrêfting. Ek al is it tal minsken dat se helpe noch net heech genôch, dochs sjocht De Groot ek tefreden nei wat der berikt is. De gearwurking tusken plysje, MCL, Fier en Slachtofferhelp is neffens har goed. "Het betekent dat mensen ons laagdrempelig kunnen bereiken en dat het slachtoffer zo weinig mogelijk haar verhaal hoeft te doen en dat iemand zich maar één keer hoeft uit te kleden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)