Dûkboat út Earste Wrâldoarloch ûndersocht

14 sep 2016 - 18:06

Op de Noardsee boppe Skiermûntseach is woansdei in dûkboat werom fûn út nei alle gedachten de Earste Wrâldoarloch. Dûkers fan stichting Duik de Noordzee Schoon binne dêr mei minsken fan it Wereld Natuur Fonds en stichting de Noordzee op ekspedysje.

It gebiet hjit de Borkumse Stenen en is sa ryk oan libben dat dizze organisaasjes oantoane wolle dat it eins beskerme wurde moat. Mar dêr leit ek dizze dûkboat, mar wêr krekt wie net dúdlik. Dat is no foarby.

De dûkboat is fûn en foar it earst sûnt it sinken fan it skip hawwe minske-eagen it wer fan tichtby besjoen. It wrak sjocht der noch geef út. Der binne film- en foto-opnamen makke. It wrak is fierder net fersteurd en der is neat meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)