Paralympysk fuotbalteam net yn finale

14 sep 2016 - 17:48

Teddy Witjes en Stefan Boersma binne der net yn slagge om mei it Nederlânske Paralympyske CP fuotbalteam de finale te heljen. Oekraïne wie mei mar leafst 4-0 te sterk foar de Nederlanners.

It wie yn it foar al dúdlik dat it in tige swiere opjefte wurde soe tsjin de East-Europeanen: op de ôfrûne fjouwer Paralympyske Spelen stiene de Oekraïners hieltyd yn de finale. En ek yn Rio is it Oekraynske team tige sterk, it hat noch hieltyd gjin inkele wedstriid ferlern.

Oranje mei noch stride om it brûns. Dy striid is op freedtejûn tsjin Brazilië of Iran.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)