Hoarnbijen wurde dizze simmer massaal oanpakt

14 sep 2016 - 17:08

Ferdylgingsbedriuwen hawwe it dizze simmer drok mei it ferneatigjen fan wespenêsten. Sa ek Foeke Dijkstra, hy hat dizze simmer al inkele hûnderten nêsten ferneatige. En dan giet it benammen om nêsten mei de saneame superwesp, de hoarnbij.

Dizze wespen binne twa kear sa grut as de gewoane wesp en se binne tige agressyf. In stek fan de hoarnbij docht mear sear en dêrtroch binne der in soad klachten binnen kaam by de plysje en Steatsboskbehear.

Tiisdeitemiddei waard der in nêst mei superwespen fuorthelle by in boartersplak yn it Blauwe Bos by Haulerwyk. Der kamen by de plysje en Steatsboskbehear klachten binnen fan minksen dy't stutsen binne troch de 'hoornaars', sa't de bisten yn it Hollânsk offisjeel hjitte. Ek yn it easten fan Nederlân binne der in soad klachten oer de superwesp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)