Wa wol mei syn of har holle op in grut bouboerd?

14 sep 2016 - 17:07

De provinsje Fryslân siket minsken dy't mei har holle op in grut bouboerd stean wolle. It giet om boubuorden dy't by krúspunten of lâns diken komme te stean dy't oanpakt wurde. De minsken moatte wol wat hawwe mei it krúspunt dêr't harren boerd by komt.

De kommende tiid is der 30 miljoen euro beskikber foar it feiliger meitsjen fan Fryske diken. Dit bart mei nei oanlieding fan in ûndersyk fan de ANWB. De provinsje hat 70 trajekten, krúspunten en oerstekplakken oanwiisd dy't oan de ein fan de koälysjeperioade feiliger wêze moatte.

Rients Miedema stiet al mei syn gesicht op in bouboerd. Syn plakkaat stiet by de N971, mei it sitaat 'Se skeure hjir as gekken! Aanst net mear'. De provinsje sil de kommende tiid de N917 tusken Oerterp en Sigerswâld oanpakke. Der komt nij asfalt, hurdere bermen en de snelheid wurdt werombrocht fan 80 nei 60 kilometer yn de oere. Miedema rydt faak oer de N917 en is bliid mei de ferbetteringen oan de dyk.

Minsken dy't ek lykas Miedema 'ambassadeur' wurde wolle fan in krúspunt of dyk, kinne harren oanmelde fia www.veiligewegen.frl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)