Wurkleazen nei oplieding oan it wurk as wetterbouwer

14 sep 2016 - 16:53

Seis manlju út Súdwest-Fryslân binne omfoarme ta aspirant wetterbouwers. In jier lyn wiene se noch ferkeaper, frachtweinsjauffeur of timmerman, mar mei it projekt 'Wâlkant op oarder' kinne se no wer oan de slach nei't se har wurk kwytrekke wienen.

De seis manlju binne tusken de 20 en 55 jier âld. Troch it projekt krigen se in MBO-oplieding wetterbou en hellen se ferskate sertifikaten. Yn de tuskentiid hawwe de dielnimmers al beskoeiïng oanbrocht, fuotgongersbrêgen en steigers boud.

It projekt is in inisjatyf fan de gemeente yn gearwurking mei ûnder oare Cnossen Infra, Pastiel en útstjoerburo Jobz-On. Doel is om minsken dy't wurkleas binne sa gau as mooglik wer oan it wurk te krijen yn in nije funksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)