Asylsikerssintra yn Fryslân dogge doarren iepen

It azc yn Burgum © Omrop Fryslân
De asylsikerssintra yn Fryslân dogge harren doarren iepen. Op sneon 24 septimber kinne minsken dy't nijsgjirrich binne op besite komme yn fjouwer Fryske azc's. It giet om de lokaasjes yn Sint-Anne, Burgum, Drachten en de nije lokaasje yn Balk.
Neffens it COA en Vluchtelingenwerk Nederland is de dei bedoeld om minsken yn de kunde komme te litten mei de bewenners fan de azc's. Der binne rûnliedings, workshops en berne-aktiviteiten. Dêrnjonken wurdt ek ynformaasje jûn oer de prosedueres yn Nederlân.