Winaam: net folle fertrouwen yn oerienkomst boaiemdelgong

14 sep 2016 - 15:12

"De oerienkomst oer boaiemdelgong fan gaswinningsbedriuw Vermilion mei de provinsje Fryslân en it Wetterskip is in kommersjele set." Dat seit it Winamer Belang. Minsken, bedriuwen en oerheden dy't yn in gebiet sitte dêr't gas wûn wurdt kinne útsykje litte oft de skea oan har eigendom komt troch gaswinning.

Der is lykwols net sa'n soad fertrouwen yn dy kommisje seit Rinze Post fan it Winamer Belang. Earder al sleat de NAM in oerienkomst oer it melden fan boaiemdelgong.

Yn in reaksje seit Fokke Jansma fan Vermilion dat ynwenners fan Winaam it in kommersjele set neame meie, mar dat de oerienkomst sletten is om flugger dúdlikheid te krijen oer skea. "As der claims komme dan sil de kommisje dy in behanneling nimme. Sy jouwe der adfys oer en dêr gean wy op ôf. Dan kin Vermilion dit al of net fergoedzje", seit Jansma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)