Alyda Norbruis wint twadde gouden medalje

14 sep 2016 - 15:03

Hurdfytster Alyda Norbruis hat op 'e nij in gouden medalje wûn. Nei't se al earder goud en brûns op de baan wûn, wie de frou út Oerterp woansdei ek de rapste yn de tiidrit oer 20 kilometer op de dyk.

Se wûn de tiidrit yn 29.46.51 en dûkte dêrmei as iennige ûnder de tritich minuten. It sulver wie foar Denise Schindler (30.18.99) út Dútslân en it brûns gie nei Sini Zeng (30.41.42) út Sina.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)