UPDATE: Parkeargaraazje Saailân oeren ticht fanwegen brân

14 sep 2016 - 14:49

Parkeargaraazje Saailân yn Ljouwert hat woansdeitemiddei in pear oeren ôfsletten west nei't in auto útbaarnde op de ûnderste ferdjipping yn de garaazje. By de brân is in soad reek frijkaam. Inkele minsken seinen dat se der lêst fan hiene en binne holpen.

De garaazje stie fol reek en moast troch de brânwacht gebou ûntluchte wurde. Boppelizzende apparteminten waarden ek ûntromme fanwegen de reek. Minsken dy't harren auto yn de parkeargaraazje perkearre hiene, koene in tiid lang net by de auto en waarden opfongen yn it Fries Museum.

Om goed fiif oere waard de garaazje wer iepensteld en koene de auto's der wer útriden wurde. Neist de útbaarnde auto rekken noch twa auto's skansearre. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)