Fryske medaljewinners by de kening op besite

Alyda Norbruis mei har gouden medalje yn Rio © ANP
Alyda Norbruis, Liesette Bruinsma en alle oare Fryske sporters binne nije wike útnûge om by kening Willem-Alexander op besite te gean. Mei prinsesse Margriet ûntfangt de kening woansdei de Nederlânske sporters dy't medaljes wûn ha op de Paralympyske Spelen yn Rio.
Foardat de sporters by de kening delgeane op Paleis Noordeinde yn Den Haag, wurde se huldige yn de Grote Kerk yn de Hofstêd. Ek premier Mark Rutte is oanwêzich.