NS freget diseltreinen oan Arriva foar Ljouwert-Zwolle

14 sep 2016 - 14:26

De Nederlânske Spoarwegen wol ferfierbedriuw Arriva ynskeakelje om ekstra treinen ride te litten tusken Ljouwert en Zwolle. Dat hat de NS oanjûn yn in petear mei de provinsje. Fryslân hat de winsk fjouwer treinen yn 'e oere ride te litten tusken beide stêden. Dat bin der no trije.

De NS wol dat graach dwaan mar rint tsjin technyske problemen oan. Der is op it trajekt te min elektrisiteit foar fjouwer treinen. Direkteur Anne Hettinga fan Arriva seit dat hy, as it fersyk komt, op syn betiidst yn desimber diseltreinen leverje kin.

It materieel moat earst regele en ferboud wurde. De diseltreinen nimme dan it plak yn fan de stoptreinen op it trajekt. De reistiid tusken Ljouwert en Zwolle bliuwt gelyk, 47 minuten.

Mingde gefoelens

Hettinga hat mingde gefoelens oer de fraach fan de NS. Fiif jier lyn hie hy de NS ek al it oanbod dien om ekstra treinen ride te litten op it trajekt. De NS wiisde dat oanbod ôf om't se it sels wol dwaan koene. Mocht it nije plan trochgean dan fielt it foar de Arriva-topman ek wol as in oerwinning. Benammen as de read-wite treinen aansen lâns it haadkantoar fan Arriva op It Hearrenfean ride.

Duorsum

De provinsje is bliid dat de NS no yn petear wol mei Arriva om de ekstra treinen mooglik te meitsjen. It is al langer in grutte winsk fan de provinsje fjouwer treinen ride te litten tusken beide stêden. Boppedat ha de provinsje en de NS ôfpraat dat dat fan desimber ôf ek it gefal wêze sil. De ynset fan diseltreinen is wat de provinsje oanbelanget tydlik.

"Wy gean as provinsje foar in duorsume oplossing en dat is elektrysk," sa seit in wurdfierder. De NS hat by de provinsje oanjûn dat it in kwestje fan tiid is foar't der genôch stroom op it trajekt stiet om dêr fjouwer treinen ride te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)