Tet Rozendal jout twa reizen nei London fuort

14 sep 2016 - 14:11

Tet Rozendal jout twa reizen nei London fuort. Mei har foarstelling Nachtvlinder giet se fan 1 oktober ôf wer op toernee. Publyk en foarstellingsplakken fregen oft se it suksesfolle stik nochris spylje woe. "En sels wie ik der ek noch net klear mei" seit de aktrise.

Foar dit persoanlike muzykteater die se ynspiraasje op yn de Ingelske haadstêd dêr't se in skoft wenne. Nachtvlinder giet oer de syktocht nei wiere leafde. Om oare minsken ek de kâns te jaan fan de stêd te genietsjen hat se kontakt socht mei Paulusma Reizen.

Lotsje

Besikers fan de foarstelling krije in lotsje en nei de lêste foarstelling yn Snits op 10 desimber makket se de winners bekend. As tip foar de stêdetrip jout Tet Rozendal mei: "Sykje yn de grutte stêd nei lytse dingen. Kinst fansels nei in grutte musical, mar in soad pubs ha in teatersealtsje dêr't ek de meast geweldige shows te sjen binne."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)