De Friesland-baas: "Ferleegje eigen risiko yn soarch"

14 sep 2016 - 13:37

It eigen risiko yn de soarch moat mei de helte nei ûnderen. Dat fynt Bert van der Hoek, bestjoersfoarsitter fan syktekostefersekerder De Friesland. It eigen risiko stiet no op 385 euro, dat soe likernôch 150 euro wurde moatte.

Van der Hoek reagearret dêrmei op ûndersyk dat ien op de tsien minsken medyske soarch útstelt of sels hielendal mijt fanwege it eigen risiko. Ek yn de polityk gean stimmen op dy't pleitsje foar it ferleegjen fan it eigen risiko, of it sels hielendal ôfskaffen derfan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)