Scooterdief oanhâlden nei wylde efterfolging

14 sep 2016 - 13:27

In 18-jierrige scooterdief út Ljouwert hat woansdeitemoarn besocht te ûntkommen oan de plysje, mar slagge dêr net yn. In motorrider fan de plysje seach de jonge op de Coopmanstrjitte tsjin it ferkear yn riden en joech in stopteken. De Ljouwerter naaide dêrnei út en helle derby gefaarlike toeren út.

De motorplysje ferlear de scooterrider efkes út it each, mar in taksichauffeur wiisde him op de fertochte dy't de scooter dumpt hie en hurd fuortrûn. De plysje hat de jonge yn de Kastanjestrjitte oanhâlden en de stellen skooter yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)