PvdA: Topsalarissen by gemeentebanken moatte omleech

14 sep 2016 - 13:04
  • PvdA

It topsalaris fan it bestjoer fan de Bank Nederlandse Gemeenten (BNG) moat omleech. Dy oprop dogge de PvdA-fraksjes yn Ljouwert en seis oare grutte stêden yn ús lân. Dy stêden binne Amsterdam, Rotterdam, Den Haach, Utrecht, Zwolle en Grins. Ek de Twadde Keamerfraksje fan de PvdA stipet de oprop.

De fraksjes wolle dat it kabinet en gemeenten protestearje tsjin de topbeleanningen. Sa fertsjinnet de foarsitter fan de Ried fan bestjoer fan de Bank Nederlandse Gemeenten sa'n 6 ton en dat is 3,5 kear sa folle as de Balkenende-noarm.

Inisjatyfnimmer fan de PvdA-aksje is riedslid Jelle de Visser fan de Ljouwerter gemeenteried. Neffens him moatte folle mear gemeenten harren oanslute by it protest om sa mear gewicht oan de oprop te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)