Fandalen ferniele feestterrein op 'e Harkema

14 sep 2016 - 12:53

Fandalen hawwe it ôfrûne wykein it feestterrein yn De Harkema fernield. It terrein oan de Ikeloane wie krekt op 'e nij ynsiedde en útflakt. De fandalen binne dêr mei in auto oerhinne riden. It terrein is woansdeitemoarn wer klear makke.

De gemeente Achtkarspelen en it doarpsfeestkomitee fan De Harkema freegje minsken har te melden as se tips ha oer de dieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)