Grut wettergefjocht yn Snits mei net trochgean

De gemeente Súdwest-Fryslân jout gjin tastimming foar it grutte wettergefjocht dat foar woansdeitemiddei yn Snits oankundige wie. Op Facebook wie it gefjocht op de Easterdyk oankundige. Neffens de gemeente heart sa'n grut gefjocht net thús yn in drokke winkelstrjitte.
De gemeente jout oan dat se gjin ôfspraak mei de organisatoaren meitsje kinne, om't der gjin kontaktpersoanen bekend binne.
Al 36 dielnimmers hiene har al oanmeld. Boargemaster Hayo Apotheker hat wol begryp foar de aksje, mar it wurdt neffens him op it ferkearde plak hâlden.